Keapjûn lûkt minder folk yn Ljouwert
It tal minsken dat op keapjûn winkelet yn Ljouwert is sûnt 2012 mei goed 40 prosint nei ûnderen gien. Dat docht bliken út sifers fan ûndersyksburo City Traffic. Sy mjitte hoefolle minsken troch winkelstrjitten rinne.
It winkeljen op keapjûn rint lanlik ek bot werom. Winkeljen op snein wurdt populêrder. Ek wurdt hieltyd mear kocht op ynternet.