Fytsbrêge yn Drachten wurdt reparearre

Fytsbrêge De Slinger yn Drachten © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De fytsbrêge De Slinger yn Drachten wurdt reparearre. De pylder fan de brêge oan de Suderhegewei rekke ein maaie beskeadige nei in slim ûngelok. In auto klapte doe tsjin de pylder oan. Dy is tydlik fikseard mei in kontener en in ekstra stellaazje, sadat de brêge dochs brûkt wurde koe.
De reparaasje duorret sa'n fjouwer wiken. De stielen stangen dy't de brêge by elkoar hâlde, wurde ferfongen. De betonkonstruksje wurdt ek oanpakt.