Balkster slim ferwûne by ûngelok by Tsjerkwert

© ANP Kippa
In 19-jierrige ynwenner fan Balk is sneintemoarn betiid slim ferwûne rekke by in ûngelok op de N359 by Tsjerkwert. Omwenners hearden om seis oere hinne in lûde klap en bellen de plysje. Dy trof in ravaazje oan op de provinsjale dyk. Yn de boskjes lei in folslein fernielde auto. It motorblok wie út de auto slein. In pear meter fierderop lei de swier ferwûne bestjoerder.
In medysk team fan de traumahelikopter ferliende earste help Dêrnei is de man oerbrocht nei it Grinzer sikehûs. Dêr is bloed by de man ôfnaam, om't er mooglik dronken hie.
Der sieten gjin oare minsken by de bestjoerder yn de auto.