Feestgongers yn Wommels oanhâlden

© ANP XTRA
Yn Wommels hat de plysje sneontenacht fjouwer manlju oanhâlden op in feest oan 't Bosk. In 18-jierrige ynwenner fan de gemeente Littenseradiel soe in portier mishannele ha. Hy fersette him doe't de plysje him oanhâlde woe. In 18-jierrige maat fan him út deselde gemeente, behindere de arrestaasje en is doe ek oppakt. Letter binne noch in 19-jierrige man út Boalsert en in jonge fan 17 jier út Littenseradiel oanhâlden om't se it feest fersteurden. Alle fjouwer binne fêstset en wurde heard.