Sneu ferlies SC Hearrenfean yn Amsterdam tsjin Ajax

Hearrenfean is tsjin in sneue 4-1 nederlaach oprûn tsjin Ajax. Nettsjinsteande de romme oerwinning hie Hearrenfean in bettere spul. Nei 18 minuten kaam Hearrenfean troch in geweldige folly fan Slagveer op 1-0. Dyselde Slagveer krige krekt foar rêst syn twadde giele kaart foar fêsthâlden. Oant de 66ste minút wie Ajax amper gefaarlik, mar troch in eigen goal fan Sinkgraven waard it 1-1.
Dêrnei rûnen de Amsterdammers gau fuort. El Ghazi en Kishna makken yn de 72ste en 73ste de 2-1 en 3-1. Troch in penalty fan Milik kaam de einstân op 4-1.
Jordy Buijs foel yn de twadde helte út mei in swiere blessuere. Hoe slim it is, is noch net wis. Moandei wurdt der in MRI skan makke. Joey van den Berg krige syn fyfde giele kaart en is dêrtroch, krekt lykas Slagveer skorst foar de wedstriid fan takom wike tsjin Heracles.