Drachtster Boys mei tsien man ûnderút by Urk

Drachtster Boys gong sneon mei 1-0 ûnderút by Urk. Yn Urk kaam de thúsploech nei in lyts healoere op foarsprong. Yn de twadde helte moast de ploech fan trainer Fred de Boer fierder mei tsien man nei read foar Jan Stoker foar neitraapjen.
Nettsjinsteande de kriich en de ynset fan de Boys, slaggen de Drachtsters der net yn de lykmakker op it boerd te setten. Yn de slotminút waard in skot fan Peter Jansen Klomp noch krekt fan de line helle, wêrtroch't de Drachtsters sûnder punten wer nei hûs moasten.