Skulpen sintraal yn Natuurmuseum

De Nederlânske skulpeferiening bestiet dit jier 80 jier en hie sneon in 'Breng-je-schelp'-dei. Minsken koene mei har skulp nei Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert komme om sjen te litten oan saakkundigen. De eksperts joegen der ynformaasje oer. Yn it depot fan de skulpekolleksje fan it museum wienen rûnliedingen. Ek slakken en oare weakdieren stienen sintraal.
Yn Tresoar is in eksposysje fan skulpeboeken út de kolleksje. Ien fan de âldste skulpeboeken yn 'e wrâld, skreaun troch Rondeletius yn 1555, is op de útstalling te besjen.