Margot Boer rint ljiskblessuere op

Margot Boer © ANP
Reedrydster Margot Boer fan Goaiïngaryp hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Seoul in blessuere oan har ljisk oprûn. Boer rûn de blessuere op by it ynriden foar de twadde 500 meter. Nettsjinsteande de blessuere stie se al oan de start. Fierder as in 14e plakje kaam Boer lykwols net. Op de earste 500 meter wie se ek al net yn goede foarm. Doe einige Boer teloarstellend as tsiende.
Hoe slim oft de blessuere is, kin de rydster fan Goaiïngaryp noch net sizze.