Winst foar sealfuotbalfroulju Drachtster Boys

22 nov 2014 - 14:17

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys wûnen freed mei 6-4 fan Zuidoost United. Yn eigen hal kamen de Drachtster froulju al rap op foarsprong troch treffers fan Jessie Prijs en Marleen Reinders. De suskes Esther en Marieke van Toledo ferrommen de marzje nei 4-0. Op slach fan rêst dienen de gasten út Amsterdam wat werom, mar in eigen doelpunt fan Zuidoost United soarge foar de 5-1 rêststân.

Nei it skoft rûn Zuidoost United de efterstân hast hielendal yn. By in stân fan 5-4 soarge Esther van Toledo fan 11 meter ôf foar de ferlossende 6-4.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)