Kavels besjen yn de Peinder Mieden

22 nov 2014 - 12:28

Yn de ûntwikkeling fan de Peinder Mieden is wer in stap set. Belangstellenden koene sneontemoarn sjen oft der in moaie kavel foar har beskikber wie. Se krigen ek in rûnlieding troch it natuergebiet tusken De Pein en Drachten. It doel fan de besichtiging is dat der mear leden by de keapersferiening komme.

Der binne sneon noch twa hantekenings set, de feriening hat no 22 leden. By 25 leden sil de gemeente Smellingerlân fierder gean yn de proseduere fan it bestimmingsplan dy't 18 moannen duorje sil. Op syn betiidst sil yn 2016 boud wurde.

Der is plak foar 45 kavels en yntusken is op de helte fan de kavels ynskreaun.

Trefwurden: 
Drachten kavel Peinder Mieden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)