Kuorballers LDODK wolle omheech sjen yn Kuorbal League

LDODK begjint sneontejûn mei it tredde seizoen op rige yn de Kuorbal League. De kuorballers út Terwispel en De Gordyk einigen de earste twa edysjes op it achtste plak yn in pûl fan tsien. Dat waard sjoen as in prima prestaasje, mar de ploech fan Jan Sjoerd Pool hat de ambysjes bysteld nei boppe.
LDODK mikt op in plak yn it linkerrychje, en tinkt sels kâns te hawwen op it fjirde plak. Dat plak jout rjocht op de krúsfinales om de lânstitel. LDODK moat yn Amsterdam tsjin Blau Wyt. Woansdei spilet LDODK thús tsjin Dalto út Driebergen.