Wer topman fan NDC nei Telegraaf oerstapt

22 nov 2014 - 10:26

Foar de tredde kear is in topman fan de NDC Mediagroep oerstapt nei de Telegraaf Mediagroep. It giet om Dirk Valstar, hy wie haad personielssaken. Nei Van der Snoek en Leo Epskamp, is hy de tredde wurknimmer dy't de oerstap makket.

Van der Snoek soe ek besocht hawwe de kommersjeel direkteur Roland van Kampen fan de NDC binnen te heljen, mar dat soe de UR fan De Telegraaf opkeard hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)