"Kranten yn takomst allinnich op sneon op de matte"

De kâns is grut dat de papieren krante allinnich noch op sneon op de matte leit. De oare dagen moatte lêzers it dwaan mei in digitale edysje. Dat skriuwt haadredakteur Hans Snijder sneon yn syn Ljouwerter Krante. By de NDC, de útjouwer fan de LC, Frysk Deiblêd en Dagblad van het Noorden, is op 'e nij in ûntslachronde nedich. Hûndert foltiidsbanen ferdwine, sa waard earder dizze wike bekend.
Neffens Snijder lêze hieltiten mear minsken de krante digitaal en moatte mediabedriuwen it roer wol omgoaie om te oerlibjen.