Fermiste Guyanne Sirach oantroffen yn Snits

© ANP XTRA
De plysje fan Snits melde freedtejûn dat de 15-jierrige Guyanne Sirach fûn is. Ofrûne woansdei waard bekend dat it famke sûnt 1 july fermist waard. De plysje tocht dat it famke mooglik mei har mem op in adres yn Snits siet en rôp tsjûgen op om harren te melden. Nei oanlieding fan reaksjes op de sosjale media is Guyanne yn Snits oantroffen. Oft dat by har mem wie, is net bekend.