GGZ skrast tsientallen banen

By de ynstelling foar geastlike sûnenssoarch GGZ Friesland wurde tsientallen banen skrast. Twongen ûntslaggen wurde dêrby net útsletten. Dat stiet yn in mail oan de GGZ-meiwurkers. Der is folle minder wurk foar de GGZ. Dat komt mei trochdat de gemeenten ferantwurdlik wurde foar in soad soarchtaken en dy jouwe der minder jild oan út.
Fierder wurdt der minder faak trochferwiisd nei de spesjalistyske help fan de ynstelling. De húsdokter moat him der bygelyks faker mei rêde, want hy is goedkeaper.
Der moat no yngrypt wurde, skriuwe de bestjoerders Adriaan Jansen en Wouter Teer oan it personiel. As dat net dien wurdt, wurdt it dreech om de rekkens noch te beteljen. Dêrom wurde der gjin útstjoerkrêften mear ynhierd, wurde tydlike kontrakten net ferlingd. Der wurdt besocht minsken fan wurk nei wurk te helpen. Moandei komt de GGZ-Friesland offisjeel mei it nijs nei bûten.