Lintsje foar earste Mantgumer brânwachtfrou

Boargemaster Liemburg spjeldet it lintsje op by Roelie Rozenberg © Wiebe Palstra
Brânwachtfrou Roelie Rozenberg (54) út Mantgum hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Se is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Rozenberg wie tweintich jier lang lid fan de frijwillige brânwacht fan Mantgum.
Sy wie yn 1994 ien fan de earste twa froulju fan it Mantgumer korps. Eins waard doe net Rozenberg, mar har freon frege om by de brânwacht te kommen, mar dy woe net. Freed naam se ôfskied fan de frijwillige brânwacht.