Rintje Visser út Easterbierrum keninklik ûnderskieden

Lintsje © ANP
Rintje Visser út Easterbierrum is freedtejûn keninklik ûnderskieden troch boargemaster Fred Veenstra fan Frjenstjerteradiel. Visser set him al jierren yn foar Roemenië.
Sa is er sûnt 1991 oprjochter en foarsitter fan de Wurkgroep Roemenië Easterbierrum. Dêrnjonken is Visser aktyf (west) by de Protestantse Gemeente Easterbierrum, Begraffenisferiening De Laatste Eer en doarpshûs It Mienskar. De dekorandus is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.