VVD: Fryslân better berikber foar bedriuwen en minsken

21 nov 2014 - 17:53

Fryslân moat noch better berikber wurde foar bedriuwen en minsken. Dat moat de ekonomy yn de provinsje struktureel fersterkje. Dat stiet yn it ferkiezingsprogram fan de VVD. It tema fan it program is 'Meer voor Fryslân.'

Sa wol de partij mear romte foar wurkgelegenheid en ûnder oaren ynnovaasje. Ek moatte de doarren fan it provinsjehûs iepene wurde foar bedriuwen, maatskiplike ynstellings en gewoane Friezen. Dy moatte sa mear belutsen wurde by it meitsjen en útfieren fan belied.

De VVD wol fierder by de Tsjûkemar in ynnovaasjesintrum meitsje foar de wettersport. Jongerein moat dêr de mooglikheid ha mei ekstremere sporten te oefenjen.

Ek moat de Thorbecke akademy wer út de NHL hegeskoalle helle wurde. De akademy moat wer in soart fan status aparte krije. Dat wie yn it ferline sa mar troch alle fúzjes is dat ferlern gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)