"Ophokken hat gjin sin"

Gaatske Wiersma © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Neffens Gaatske Wiersma fan fûgelopfangbuorkerij De Fûgelpits yn Moddergat hat it gjin sin om einen en oare wylde fûgels op te hokken yn ferbân mei de fûgelgryp. Undersyk op har opfang hat noch nea oantoand dat de gryp ferspraat wurdt troch wylde fûgels, seit se. De Fûgelpits is wol sletten foar publyk en der binne ûntsmettingsmaatregels naam. Mar dêr bliuwt it by.