SC Hearrenfean mei itselde alvetal tsjin Ajax

21 nov 2014 - 16:20

SC Hearrenfean begjint yn de útwedstriid tsjin Ajax mei deselde spilers as twa wiken lyn tsjin Go Ahead Eagles. Sam Larsson krijt yn de oanfal dus wer de foarkar boppe Morten Thorsby. Hy ferfong Larsson wylst er blessearre wie. Fierder kin trainer Dwight Lodeweges beskikke oer in folslein fitte seleksje. De oefenmaster is net bang foar Ajax, dat op it stuit op it twadde plak stiet yn de earedivyzje. "We moeten wel respect hebben, maar geen ontzag", sa sei Lodeweges freed nei de lêste training.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Ajax
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)