Tsjûgen swiere mishanneling yn Drachten socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling op de Zuidkade yn Drachten it ôfrûne wykein. Dêrby waard in 21-jierrige man út dat plak swier mishannele. Op oanwizing fan omstanners binne trije Drachtsters fan 16, 17 en 18 jier âld oppakt. Dochs wol de plysje graach yn kontakt komme mei minsken dy't yn de nacht fan sneon op snein wat sjoen hawwe. Ek freget de plysje om byldmateriaal fan de mishanneling.