Wethâlder Durksz net iens mei krityk op de gemeente

It haadgebou fan Mooi Gaasterland © Wikipedia CC, Gouwenaar
Wethâlder Durksz fan de gemeente De Fryske Marren fielt him net bot oansprutsen troch de krityk fan doarpsbelang Riis. Dy fynt dat de gemeente wol deeglik wat dwaan koe tsjin de komst fan 500 asylsikers yn Riis. Mar neffens Durksz is ek de gemeente tsjin dit oantal en wurdt der noch hieltyd praat oer de eksakte oantallen. Ek seit Durksz dat hy oanjûn hat by it COA dat der neffens him wol bettere plakken foar in AZC yn de Fryske Marren te betinken binne as Riis, mar wie it COA dêr net yn ynteresearre.