Miljoenen foar fiskmigraasjerivier

21 nov 2014 - 14:33

It jild foar de earste faze fan de fiskmigraasjerivier is sa goed as rûn. Steatssekretaris Dijksma hat besletten 5 miljoen euro beskikber te stellen foar it projekt en dêrmei is yn totaal goed 20 miljoen binnen. Foar de oanlis fan de spesjale rivier dwers troch de Ofslútdyk is úteinliks sa'n 55 miljoen nedich, mar de inisjatyfnimmers hawwe der genôch betrouwen yn om los te gean. De fiskmigraasjerivier moat derfoar soargje dat fisk fan de Waadsee yn de Iselmar komme kin en oarsom.

Freed waard ek bekend makke dat der in grut keunstprojekt by de rivier komt mei 300 nepfisken dy't boppe it wetter de streaming fan de rivier oanjouwe.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fiskmigraasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)