De Ridder oant winterstop útskeakele

Daniël de Ridder is oant en mei de winterstop útskeakele. De oanfaller fan Cambuur rekke woansdei op de training op 'e nij blessearre oan de hamstring. Cambuur spilet snein de útwedstriid tsjin FC Utrecht. Lucas Bijker (ljisk) en Wout Droste (skouder) binne twifelgefallen. Trainer Henk de Jong wol sa lang mooglik wachtsje om te sjen oft sy spylje kinne. De Cambuur trainer woe fierder neat sizze oer de opstelling. Cambuur wol oant de winterstop mear as 20 punten helje. Dan leit de klup op koers foar hânhaving yn de earedivyzje.
Oebele Schokker tinkt nei oer syn takomst. Ferskate amateurklups, wêrûnder Harkemase Boys, ONS Snits en Spakenburg, wolle de middenfjilder nei de winterstop wol oernimme fan Cambuur. Schokker beriedt him op syn takomst en hopet yn de kommende wiken yn gearwurking mei Cambuur ta in beslút te kommen. Schokker komt oant no ta net oan spyljen ta yn it earste fan Cambuur. Syn kontrakt rint oan de ein fan it seizoen ôf.