Hamburger hâldt op mei syn ynternasjonale karriêre

Sjoerd Hamburger hâldt op mei syn ynternasjonale karriêre. Dat betsjut dat de roeier fan Aldeberkeap him ek net ynsette sil foar kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro. Hamburger die twa kear mei oan de Olympyske Spelen. De 31-jierige roeier die yn 2008 mei yn Peking en yn 2012 yn Londen. Troch in ûngelok mei de fyts yn 2012 kaam hy dêrnei net mear op syn âlde nivo. Hamburger die as ienige Nederlânner ek twa kear mei oan de Boatrace yn Ingelân.
Dat is in wrâldferneamde race tusken de roeiteams fan de universiteiten fan Cambridge en Oxford. Hy wûn dy race mei syn ploeg yn 2009. Hamburger sil noch wol meidwaan oan roeiwedstriden yn Nederlân.