"Gemeente hie mear dwaan kind tsjin komst asylsikers"

Wethâlder Durksz fan de gemeente De Fryske Marren koe wol deeglik wat dwaan tsjin de komst fan 500 asylsikers yn Riis. Oare gemeenten yn Nederlân dogge dat ek. Dat seit Bram Boehle, foarsitter fan Doarpsbelang Riis. De gemeente hat fan it begjin ôf oan efter it COA oanrûn. As der easken steld wienen, wie der no sprake fan in hiel oare situaasje, seit Boehle. Kommende moandei bringe it COA en de gemeente de boargers op de hichte fan de hiele situaasje en dan kinne der fragen steld wurde.
Boehle giet der hinne, mar mei tsjinsin, want hy sjocht it nut der net fan yn. Hy tinkt dat alles al yn efterkeamers regele is. Wethâlder Durksz hat hieltyd sein dat de gemeente hielendal neat te sizzen hat oer dizze kwestje.