Wetterskipslêsten in bytsje omheech

Húshâldens betelje yn 2015 gemiddeld 8 euro mear oan wetterskipslêsten. Dat stiet yn de konsept-begrutting fan Wetterskip Fryslân. Neffens it bestjoer geane de lêsten in bytsje omheech troch besunigings. Yn totaal wol it wetterskip oant en mei 2019 16,2 miljoen euro besunigje. It grutste part fan de besunigings wurdt helle troch goedkeaper te wurkjen. Binnen de organisaasje wurdt sjoen wat goedkeaper kin en hoe't it wurk slimmer dien wurde kin. Dernjonken wurdt it ûnderhâld fan kearingen wêr't dat kin fersobere.
Oan de oare kant wurdt der wol ynvestearre yn it ferheegjen en ferbetterjen fan seediken en kades.