Máxima op 'e Jouwer oankaam foar iepening brede skoalle

21 nov 2014 - 11:01

Der wie tongersdei noch even spanning as alles trochgean koe, mar freedtemoarn om healwei alven kaam se dochs nei de Jouwer: Keninginne Máxima. De Keninginne is op 'e Jouwer om it gebou fan de nije Brede School Joure Zuid op De Jouwer te iepenjen. De Brede Skoalle is in unike gearwurking tusken de twa basiskoallen, keunstesintrum It Toanhûs en ferskate berne-opfang- en wolwêzensorganisaasjes.

De bern fan de skoallen hiene ûnder oare ferskes oefene om foar de keninginne te sjongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)