Sven Kramer sânde op 1500 meter yn Seoul

21 nov 2014 - 10:31

Reedrider Sven Kramer is freed as sânde einige op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn it Koreaanske Seoul. De tiid fan Kramer wie 1.48.51. Winner waard Sverre Lunde Pedersen út Noarwegen. Syn winnende tiid 1.47.76 is in baanrekôr. It wie de earste oerwinning fan de 22-jierrige Pedersen yn de wrâldbeker. De Nederlanner Wouter Olde Heuvel waard twadde mei de tiid 1.48.02 en Kjeld Nuis waard tredde yn 1.48.30.

De 500 meter waard wûn troch de Rus Pavel Koelizjnikov yn 34.94. Hein Otterspeer wie op it sechsde plak de bêste Nederlanner yn 35.50. Jan Smeekens waard tsiende yn 35.60.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)