Auto yn de sleat nei ynheljen op A32

21 nov 2014 - 10:18

In 26-jierrige automobilist út Langwar is tongersdeitejûn mei syn auto op 'e kop yn it wetter belâne. De man helle op de A32 by Haskerdiken in auto yn, wêrby't syn auto begûn te slingerjen. Fia de berm rekke de man yn de sleat. De bestjoerder moast mei ferwûnings oan syn skonk nei it sikehûs brocht wurde.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)