Earste kear autoruten skrabje dit jier

21 nov 2014 - 08:19
Foto: Omrop Fryslan, Jacob Stelwagen

It hat yn de nacht fan tongersdei op freed foar it earst yn dizze hjerst ferzen. Yn Ljouwert wie it mei min 2 graden it kâldst. Foar guon automobilisten bestjutte dit dat se autoruten skrabje moasten. De nachtfroast kaam troch in kombinaasje fan in heldere nacht, mei oanfier fan kâlde lucht út it easten. De kâlde nacht soarge net foar glêdens op de diken.

(advertinsje)
(advertinsje)