Boaiem by Hjerbeam sakket hurder as tocht

21 nov 2014 - 00:00

De boaiem by Hjerbeam sakket folle mear as de 30 sintimeter dêr't earder op rekkene wie. Neffens nij ûndersyk fan Vermilion sakket de boaiem mei 46 sentimeter yn 2050. It bedriuw is yn 2008 ophâlden mei it winnen fan gas út dit 'Harlingergasveld'. Al gau waard dúdlik dat dêrmei de boaiemdelgong net stoppe. Dit komt troch in reedlik seldsume gearstalling fan de stien dêr't it gas tusken sit.

De gemeente organisearret kommende wike noch in ynformaasjejûn. It wetterskip lit ûndersykje oft der noch ekstra maatregels nedich binne.

Skea oan huzen en gebouwen wurdt net ferwachte. Dochs wurdt der takom jier in ûnôfhinklike skeakommisje ynsteld om alle skea tsjin it ljocht te hâlden fan alle gaswinning troch Vermilion yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)