Grutte brân hûs Boelensloane

20 nov 2014 - 23:48

De branwacht is tongersdeitejûn manmachtich útrukt nei in brân yn in pleats oan de Boelenswei yn Boelensloane. It giet om in leechsteand wenhûs mei in grutte stâl der't noch hynders yn sieten. Al gau die bliken dat de stâl mei bisten gjin gefaar rûn. It hûs baarnde hielendal ôf. It fjoer ûntstie om alve oere hinne. De oarsaak is noch net bekend.

Meardere korpsen út de omjouwing hawwe dwaande west mei it bluswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)