Bottenbley en Lont listtriuwers ChristenUnie

20 nov 2014 - 22:12

Dûmny Orlando Bottenbley fan de Frije Baptistegemeente yn Drachten en Frysk Deiblêd-foarsitter Arjen Lont binne tongersdeitejûn unanym keazen as listtriuwers foar de ChristenUnie by de provinsjale ferkiezings fan takom jier. Ek dosint Leo Blees út Damwâld is oan de list taheakke.

De ChristenUnie hat tagelyk ek it partijprogramma bepraat. De partij set by de kommende ferkiezings yn op soarch, wurk en Fryslân. De provinsjale ferkiezings binne takom jier op 18 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)