Achtkarspelen: better ûnderhâldsplan foar sportterreinen

De gemeente Achtkarspelen hat goed hannele, mar der binne ek learpunten út it dug-out drama yn Twizel kaam. Dat skriuwt it kolleezje fan B&W oan de gemeenteried. Ien fan dy learpunten is dat de gemeente dúdlik ha wol wa't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan sportterreinen.
Foar de ûnderdielen dêr't de gemeente ferantwurdlik foar is, wol Achtkarspelen in ûnderhâldsplan opstelle. As bliken docht dat de sportferienings sels it ûnderhâld dwaan moatte, wol de gemeente op papier hawwe hoe't se dit dogge en hoe't dit kontrolearre wurdt.
By it dug-out drama kaam ôfrûne maaitiid in 10-jierrich famke om it libben. Fiif oare bern rekken ferwûne. De gemeenteried prate tongersdeitejûn oer it plan fan it kolleezje.
De gearkomste sette útein mei in tal ynsprekkers, wêrûnder âlders fan bern dy't op de dug-out sieten. Yn emosjonele ferklearrings uteren se felle krityk op de hannelwize fan de gemeente. De âlders hawwe noch in soad fragen en alle dagen fernimme se de gefolgen fan it ûngelok.