Frou rekket ferwûne troch fal fan treplift

© ANP XTRA
In bewenster fan de Albadastins yn Ljouwert is tongersdeitemoarn swier ferwûne rekke nei't se fan in treplift fallen wie. It ûngelok barde oan de ein fan de moarn. De helpferliening wie mei in ambulânse en de traumahelikopter rap op it plak fan it ûngelok. It slachtoffer is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht. Hoe't it ûngelok barre koe, kin de plysje noch net sizze.