Learlingen OSG Sevenwolden krije les fan fuotballers

In spannende dei foar learlingen fan HAVO 4 fan it OSG Sevenwolden dy't International Business College folgje. In mûnlinge repetysje Dútsk en Ingelsk stie harren te wachtsjen. De learlingen moasten Mark Uth en Morten Thorsby, spilers fan Sportklup Hearrenfean, yn harren eigen taal ynterviewe. En dus waarden beide spilers yn it Abe Lenstra Stadion it himd fan it liif frege.
Mark Uth fertelde dat syn strafskop yn de Fryske derby tsjin SC Cambuur dit seizoen (2-2), oant no ta it hichtepunt is yn syn karriêre.