Asfalt Valeriusstrjitte Ljouwert wurdt nije wike oanpakt
De gemeente Ljouwert lit takom wike moandei it asfalt yn de Valeriusstrjitte ferfange. De dyk is der sa slim oan ta dat der net wachte wurde kin oant de grute rekonstruksje fan de Valeriusstrjitte yn 2016.
It wurk set jûns om sân oere útein en moat om middernacht klear wêze. It ferkear wurdt dan omlaat.