Fúzjeskoalle 'It Iepen Finster' yn Achlum feestlik iepene

Iepenbiere basisskoalle De Bonge en kristlike basisskoalle Rehoboth yn Achlum binne sûnt tongersdei offisjeel fusearre. De skoallen wurken al gear sûnt 1 augustus dit jier, mar tongersdeimiddei wie de offisjele iepening fan de fúzjeskoalle.
De fúzjeskoalle hjit 'It Iepen Finster'. It nammeboerd fan de skoalle waard ûntbleate troch de betinker fan de namme en de jongste learling fan de fúzjeskoalle. Beide skoallen hienen hieltyd minder learlingen. Neist de twa basisskoallen krijt ek it pjutteboartersplak ûnderdak yn it renovearre gebou.