"Gau oplossing sykje foar âldereinsoarch op It Amelân"

Soarchsintrum De Stelp op It Amelân © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Steatssekretaris Martin van Rijn fan Folkssûnens sil nochris sjen hoe't de âldereinsoarch op It Amelân fuortset wurde moat. Hy docht dat no't soarchsintrum De Stelp yn Hollum troch soarchgroep Pasana sletten wurdt.
SP-keamerlid Renske Leijten easket dat der op it waadeilân in "fatsoenlike âlderenfoarsjenning" iepen bliuwt. Van Rijn hat tasein dat er nei in oplossing sjen sil. In spesjaal oanjaachteam sil ûndersykje hoe't de opfang fan senioaren regele wurde kin. De Stelp is it iennichste fersoargingshûs op It Amelân.