COA: "Boykot ynfobyienkomst AZC Riis is net ferstannich"

20 nov 2014 - 13:29

De ynformaasjebyienkomst oer de komst fan 500 asylsikers nei Riis is tige wichtich foar de ynwenners. Dat seit it COA, dy't it net ferstannich fynt om de byienkomst kommende moandei te boykotten. De Wurkgroep Riis tinkt deroer om net te kommen, om't neffens de wurkgroep der nei alle gedachten gjin ynspraak yn de plannen mooglik is. Dat is net wier, seit it COA.

Dat it AZC yn Riis komt is in feit, seit it COA. It úteinlike tal asylsikers dat nei it doarp komt is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)