Ried Achtkarspelen lit him út oer drama dug-out Twizel

20 nov 2014 - 11:10

De gemeenteried fan Achtkarspelen foarmet tongersdeitejûn in polityk oardiel oer de gong fan saken nei it ynstoarten fan de dug-out yn Twizel. Dat barde yn maaie fan dit jier. In famke fan tsien jier kaam dêrby om it libben.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders praat de ried tongersdei by oer de lêste stân fan saken. Dêrnei sprekke de riedsleden har út oer de konklúzjes fan de ferskate rapporten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)