Gemeente Skylge: "Ferfier sike en deade seehûnen te riskant"

Seehûn © ANP
Rederij Doeksen ferfiert gjin deade en sike seehûnen mear. It is neffens de rederij te riskant fanwege de firusynfeksje dy't op it stuit yn it Waadgebiet hearsket. Sike en deade seehûnen bliuwe gewoan lizzen, sa seit in wurdfierder fan de gemeente Skylge.
Dy warskôget minsken ek om net oan de bisten te kommen. Op Skylge binne oant no ta fjouwer deade en ien sike seehûn oantroffen. De bisten wurde ophelle troch destruksjebedriuw Rendac.