CU stelt fragen oer lange wachtlisten yn 'e jeugdsoarch

20 nov 2014 - 10:58

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol fan Deputearre Steaten witte hoe't sy lange wachtlisten yn 'e jeugdsoarch foarkomme wolle. De partij wiist derop dat bern dy't yn de moannen novimber en desimber oanmeld wurde by Jeugdhulp Friesland, net fuortendaliks soarch krije.

Dat bestjut dat dy bern ûnder it nije soarchstelsel falle en fan jannewaris ôf op de wachtlist telâne komme. De ChristenUnie tinkt dat it om hûnderten bern giet. De fraksje wol fan Deputearre Steaten witte hoe't se dit oplosse sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)