Fakbûnen yn aksje foar CAO ryksamtners

20 nov 2014 - 08:04

Guon ryksamtners komme yn finansjele problemen om't se al fjouwer jier gjin leansferheging hân hawwe. Dat sizze de fakbûnen dy't tongersdeitemoarn aksje fierden yn Ljouwert. De amtners fan ûnder oaren it CJIB, de Belestingtsjinst en Justysje sitte troch it finansjele swiere waar by de ryksoerheid al fjouwer jier op de nulline. En ek is der al fjouwer jier gjin CAO.

De fakbûnen wolle dat de amtners der yn 2015 trije persint by krije, mar de minister wol net mear as ien persint jaan. Fierder wolle se kompensaasje fan de ôfrûne jierren.

Neffens aksjefierder Wietske van der Veen is der in soad stipe foar de aksjes, mar binne ek in soad minsken benaud om mei te dwaan. Se wolle harren baan net ferlieze en hâlde harren derom op de eftergrûn, sa seit Van der Veen.

Der binne tongersdei ek noch aksjes yn Den Haach en Balkbrug.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)