215 miljoen foar ekonomyske ûntwikkeling fan it Noarden

© Omrop Fryslân
De Europeeske Uny stelt 215 miljoen euro beskikber foar projekten dy't bydrage oan de ekonomyske ûntwikkeling fan Nederlânsk-Dútske grinsregio's. Fryslân heart dêr ek by.
Bestjoerders út de grinsprovinsjes hawwe dêrfoar woansdei in gearwurkingsoerienkomst tekene. Fryske ûndernimmers, kennisynstellings en oerheden kinne subsydzje oanfreegje foar duorsume en ynnovative projekten. Ideeën yn it ramt fan de Waadsee en Kulturele Haadstêd 2018 komme ek yn oanmerking.