Oanpak selsmoard GGZ Fryslân is foarbyld foar rest Nederlân

19 nov 2014 - 18:17

De wize wêrop't GGZ Fryslân dwaande is om minsken te helpen dy't harsels tekoart dwaan wolle, is in foarbyld foar de rest fan it lân. Dat seit fraksjefoarsitter Arie Slob fan de ChristenUnie yn de Twadde Keamer. Slob wie woansdei op besite yn Ljouwert.

GGZ Fryslân is twa jier lyn úteinset mei it saneamde 'Gatekeeper Project'. Dat is in training foar beropsgroepen om sinjalen te werkennen fan minsken dy't harsels tekoart dwaan wolle. Dat kinne beroppen as plysjeminsken of dûmny's wêze, mar ek leararen op skoalle.

By it petear tusken GGZ Fryslân en de ChristenUnie wie ek soarchfersekerder De Friesland oanwêzich. In wurdfierder lit witte dat De Friesland de kommende jierren mei oare soarchfersekerders bot ynsette sil op it foarkommen fan selsmoard. Yn Fryslân hawwe ferline jier 65 minsken harsels tekoart dien. Lanlik wie dat goed 1750.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)