Fryske slachters krije stjer

De boltsjes wurde slachte © Omrop Fryslân
Trije Fryske slachters hawwe moandei by de lanlike finale fan 'Slagers met Ster' yn Nijdijk in stjer yn de wacht sleept. Slachters Van Dijk út Balk, Brolsma út Stiens en Albert & Aukje út Surhústerfean krigen allegearre ien stjer. Yn totaal waarden 32 slachters kard. De sjuery beoardiele de slachters op kwaliteit, service en organisaasje.
De kompetysje 'Slagers met Ster' waard foar de twadde kear holden.