Grutte ferkearskontrôle op A7 en N381

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in grutte ferkearskontrôle hâlden op de A7 en de N381. Dêrby waarden 33 frachtweinen en bestelbuskes kontroleare. Yn totaal hat de plysje achttjin prosessen-ferbaal opmakke en seis warskôgings jûn. Ferskate bestjoerders rieden mei te swiere lading of hiene harren lading net goed fêstmakke. Oare oertredings wiene it riden mei glêde bannen, it ûntbrekken fan goeie ferljochting en it riden sûnder rydbewiis.