Bedrigings reden fan opstappen technyske kommisje

De fjouwer leden fan de technyske kommisje fan it Frysk Ljeppers Boun dy't opstapt binne hawwe dat dien omdat se bedrige binne op it Nederlânsk kampioenskip fan dit jier op It Heidenskip. De fjouwer leden sizze dit yn in ferklearring dy't se nei Omrop Fryslân stjoerd hawwe. Op it lêste NK is neffens wurdfierder Willem Fonk út Burgum ferskate kearen bot ferbaal úthelle nei de technyske kommisje neidat sy sprongen fan in dielnimmer út de topklasse ôfkarden.
Ien fan de minder freonlike útspraken oer de technyske kommisje op it lêste NK wie 'Sy kinne wol seis plankjes krije en yn it sânbêd lizzen gean'. De fjouwer leden fan de technyske kommisje beskôgje dit as in drigemint en hawwe dêrom nei de tiid oanstien op in petear oer it ynsidint en op ekskús. De twa petearen oer it ynsidint hawwe de partijen net tichter byinoar brocht en omdat der ek gjin ekskús kaam binne de fjouwer leden no opstapt.
De ôfrûne dagen is ek wol sein dat der ferskil fan miening wie tusken technyske kommisje, bestjoer en ljeppers oer de feiligheidsregels, mar dat is neffens de fjouwer opstapte leden net it gefal. It giet om Willem en Cora Fonk fan Burgum, Anne Hooisma fan Aldehaske en om Hietkamp fan Kollumersweach.